Dutch Model Award foar Doutzen

Doutzen op in promofoto
By de útrikking fan de Dutch Model Awards hat topmodel Doutzen Kroes de Lifetime Achievement Award wûn. De sjuery fynt dat de noch frij jonge Doutzen no al it heechst helbere berikt hat yn har modellkarriêre.
Neist de award hat Doutzen ek de earetitel Miss Nederlân Positief krigen. De ûnderskieding krige se foar har nuchterheid en beskiedenheid. De sjuery fynt de Friezin dêrneist in grut rolmodel foar jongeren.