Rampoefening rûnwei Snits
Op de rûnwei fan Snits is woansdeitejûn in grutte rampoefening hâlden foar ferskate helptsjinsten. By it Antoniussikehûs wiene ferskate auto's byelkoar opknald. Doel wie om te sjen hoe't de plysje en brânwacht meielkoar gearwurkje by sa'n grut ûngelok.
Tongersdei is der wer in oefening op itselde stik dyk. Dan dogge der oare helpferlieners mei oan de oefening. De rûnwei wurdt freedtemidei wer frijjûn foar ferkear.