Boubedriuw Buwalda fallyt
Boubedriuw Buwalda út Skettens is fallyt. De rjochtbank fan Ljouwert hat woansdei it fallisemint útsprutsen.
It bedriuw, mei festigings yn Burgum, Snits en Schettens, hat 50 wurknimmers. Dy hawwe al wiken gjin lean mear krigen en sitte sûnt ein april thús.