Basisplak foar Roorda yn beker

13 maaie 2009 - 17:27

De kâns is grut dat Geert Arend Roorda snein yn de bekerfinale in basisplak hat. Trainer Sollied spile woansdei mei twa mooglike opstellingen foar de wedstriid tsjin FC Twente. Yn beide opstellingen stiet Roorda yn de basis.

Mooglik steane Grindheim en Svec op it middenfjild mei Viktor Elm yn de spits. Of Sibon stiet yn de spits en Elm op it middenfjild ten koste fan Michal Svec. Ek is it noch net wis wa't op goal stiet; Brian Vandenbussche of Hans Vonk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)