Van Hummel wint Batavusrace

13 maaie 2009 - 16:07

Kenny van Hummel (26) fan de Skil-Shimano ploech hat de Batavus Pro Race wûn. Hy wie yn de profronde mei start en finish yn Ljouwert de bêste yn in sprint. Twad wie Maarten Neyens en tred Bart Vanheule, twa Belgen fan de Topsport Vlaanderen.

Der wie gjin eareplak foar de Fryske prof Lieuwe Westra fan de Vacansoleil-ploech. Westra hat oant no ta in goed profseizoen fytst en wie ien fan de kânshawwers, mar dat is dus net slagge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)