Mear personiel foar De Vries

13 maaie 2009 - 12:57

Kezinebouwer De Vries op De Gordyk krijt der 60 nije wurknimmers by. Dat is gefolch fan in beslút fan memmebedriuw Doorwin om syn kezinen en gevelelemintebou te sintralisearjen by it fabryk op De Gordyk. No wurdt noch op seis oare festigings itselde wurk dien. By Tinga yn Winsum, ek in ûnderdiel fan Doorwin, komme der 10 banen by.

Yn de rest fan it lân slute de lokaasjes as gefolch fan de ôfnimmende ferkeap fan kezinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)