Beerens langer by Hearrenfean

Roy Beerens langer yn it pompeblêdeshirt
SC Hearrenfean hat it kontrakt fan Roy Beerens iepenbrutsen en ferlingd oant de simmer fan 2013. De 21-jierrige oanfaller stie noch oant 2010 ûnder kontrakt by de Feansters. Beerens kaam twa jier lyn oer fan NEC en spile earder foar PSV.
De Brabanner hat in goed seizoen achter de rêch en wie in fêste wearde yn it alvetal fan trainer Sollied. Hy waard de lêste tiid geregeld yn ferbân brocht mei oare klups. PSV soe ynteresse ha him werom te heljen.