Groen-Invest is fallyt

© Omrop Fryslân
Tûzenen belizzers yn hurdhoutbosken binne har jild kwyt. It bedriuw dat de plant en ferkeap fan dizze bosken regele, is fallyt.
Groen-Invest is goed tsien jier lyn begûn mei it plantsjen fan hurdhoutbosken rûnom yn Nederlân. Ek yn Fryslân binne op ferskate plakken hurdhoutenbeammen delset. De beammen woene hielendal net goed groeie en dus brocht it te min jild op om mei te fertsjinjen. De belizzers wolle mei it fallisemint har jild weromkrije.