Legale graffity yn Drachten

13 maaie 2009 - 10:55

Smellingerlân wol graffitykeunstners de mooglikheid jaan keunstwurken te meitsjen op leechsteande gebouwen oan it Raadhúsplein, yn it sintrum fan Drachten.

It Raadhúsplein wurdt ynkoarten sloopt en der komt nijbou. Om foar te kommen dat elkenien der op los spuitet, kinne keunstners yn opdracht der wat moais fan meitsje. Twa graffitykeunsters hawwe al oanjûn hjir wol oan meiwurkje te wollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)