Sjirurch oanklage troch Fries

12 maaie 2009 - 22:32

Eric ten Caat fan It Hearrenfean hat moandei oanjefte dien tsjin de sjirurch dy't syn heit yn augustus ferline jier operearre hat. Oan de komplikaasjes fan dy operaasje is de man, dy't út Hoogeveen komt, ferstoarn.

Ten Caat fynt dat mage-sjirurch Nick Reijnen, mar ek it Emmer Schepersikehûs, dea troch skuld te ferwiten falt. Yn Dútslân is de dokter dêr earder ek foar feroardield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)