Rudy Vriend wint de 'Liuw'

12 maaie 2009 - 22:12

Rudy Vriend fan Schagen waard tiisdeitejûn de sterke winner fan 'De Liuw fan Ljouwert', in kritearium troch de binnenstêd oer 80 kilometer.

Troch de hurde wyn waard it in slachfjild. Vriend syn ploech makke de koers hurd en nei in healoere wie de slach fallen: in kopgroep fan seis man. De winner naaide alve rûntsjes foar de ein út en kaam solo oer de einstreek. Stefan Limburg fan Witte Paarden waard twadde, Theo Postma fan Sweagerbosk tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)