Smoke mei yn lytse kafees

Yn lytse kafees mei wer smookt wurde
De jiskepannen kinne yn lytse kroegen sûnder personiel wer de tafels op. Dat is it gefolch fan in útspraak tiisdei fan it gerjochtshôf yn Den Bosch. De rjochter fynt dat it smookferbod by lytse kafees net jildich is.
It hôf oardiele dat it ferbod net goed yn de wet opskreaun stiet. Foar Peter en Corina Dijkstra fan De Tap yn Blije is dat goed nijs. Se holden har wol oan it smookferbod, mar krigen hieltyd minder klanten yn de saak. De jiskepanne stie tiisdei wer op de bar.