Lessen siik jonkje fia fideo

Lucas op it skerm yn de klasse
Mei in laptop oan de keukentafel krige Lucas van der Schors út Ljouwert tiisdei foar it earst wer les fan syn juf Hilly. Lucas hat leukemy en hat lang yn it sikehûs yn Leiden lein. No giet it goed mei him, mar hy mei noch net nei skoalle omdat er noch te kwetsber is foar ynfeksjes.
Mei help fan KPN waard der tiisdei in fideoferbining mei Lucas syn klasse op basisskoalle De Weide ta stân brocht.