Matt Bauscher ferlit Aris

12 maaie 2009 - 14:08

De Amerikaanske basketballer Matt_Bauscher spilet takom seizoen net mear foar Aris. De 24-jierrige Bauscher tekenet nei alle ferwachtings ynkoarten in nij kontrakt by in oare klup. It is noch net bekend hokker klup dat is.

Bauscher, dit seizoen topskutter fan ´e Nederlânske earedivyzje, is te djoer wurden foar Aris. Menelik_Barbary sil ek net wer op it Kealledykje yn aksje komme. Syn kontrakt wurdt net ferlingd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)