Achtkarspelen nominearre

12 maaie 2009 - 13:37

Achtkarspelen is offisjeel nominearre as bêste wurkjouwer fan 2009. De gemeente moat it opnimme tsjin 147 oare gemeenten. Op 22 juny wurde de fjouwer winners bekend makke. Yn in ûndersyk ûnder meiwurkers binne 263 organisaasjes mei elkoar fergelike.

De meiwurkers moasten ûnder oare in oardiel jaan oer de bedriuwskultuer, de liedingjaande, arbeidsomstannichheden en ûntwikkelingsmooglikheden. Yn dat ûndersyk krige Achtkarspelen in 7,8.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)