Tiid tsjerketsjinst oanpast

© Omrop Fryslân
De Ried fan Tsjerken fan It Hearrenfean hat in tsjerketsjinst snein yn de katolike tsjerke yn it sintrum oanpast yn ferbân mei de bekerfinale fan SC Hearrenfean tsjin FC Twente. Dy wurdt spile yn de Kuip yn Rotterdam, mar by it Abe Lenstra-stadion is in grut feest en is de wedstryd op grutte skermen te sjen.
De tsjerketsjinst soe om 19.00 oere begjinne, mar dat wurdt no 16.30 oere. De tsjerke tinkt oars de konkurrinsje mei it fuotbal te ferliezen.