Grien ljocht grutte megastâl

De stâl fan no wurdt te lyts
Yn Oldeholtpea mei in megastâl foar kij boud wurde. De gemeenteried fan Weststellingwerf is akkoart mei in plan fan melkfeehâlder Van der Zijl om syn bedriuw út te wreidzjen fan 300 kij nei sa'n 800 bisten.
De riedsfraksje fan GrienLinks hat gjin stim útbrocht. Dy wol dat der earst dúdlik belied komt oer hoe't Weststellingwerf omgiet mei plannen foar megastâlen. Wethâlder Schukken hat de rie tasein dit jier de diskusje oer grutte boerebedriuwen te fieren.