Riedsleden prate mei boargers

12 maaie 2009 - 11:16

De riedsleden fan Snits sille takom wike tiisdei op de jiermerk wer yn petear mei de boargers. Foar alle riedsfraksjes en de boargemaster wurdt foar it stedhûs in húskeamer ynrjochte mei meubels fan de omrinwinkel. Dêr kinne besikers oanskowe om oan de riedsleden of de boargemaster fragen te stellen oer gemeentlike saken.

De ôfrûne jierren is dizze 'Raad op Straat' ek holden. Neffens de gemeenteriedsleden fine minsken it noflik dat se har ferhaal dwaan kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)