Tefolle dronken, auto yn feart

12 maaie 2009 - 10:06

In 40-jierrige man út Ljouwert is moandei by Wiuwert mei syn auto de sleat ynriden. Dat barde op de Froonackerdyk. Omstanners hellen de man út de auto en warskôgen de plysje.

Op it buro die bliken dat er tefolle dronken hie. Hy moast syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)