Fytser (16) Stynsgea ferwûne

12 maaie 2009 - 09:59

In 16-jierrige fytser út Stynsgea is moandeitemiddei yn syn wenplak ferwûne rekke by in oanriding mei in auto. Op it Oast stuts de fytser de dyk oer. De bestjoerster fan de auto koe him net mear ûntwike.

De fytser rekke ferwûne oan de holle en hie in pear skaafplakken. Hy is nei it sikehûs fan Drachten brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)