Tsjûge socht fan ûngelok

12 maaie 2009 - 09:43

De plysje siket de bestjoerder fan in auto, omdat dy tsjûge wie fan in oanriding mei deadlike ôfrin op de Wâldwei. Freedtemiddei kaam ien persoan om it libben, by in oanriding tusken in persoane-auto en in frachtwein.

Foar de oanbelangjende frachtwein ried in auto mei in donkere kleur en in oanhingwein derachter. De plysje is op syk nei de bestjoerder fan dy auto en wol ek yn kontakt komme mei oare tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)