Fryske Eurokampanje begûn

© Omrop Fryslân
De Fryske Eurokampanje is offisjeel begûn. In Ingelske professor en fjouwer kandidaten foar it Europeesk Parlemint diskusjearren moandei yn it Abe Lenstrastadion mei in publyk dat bestie út politisy en partijleden.
Sa'n tachtich minsken wienen op de start fan de kampanje ôfkommen om nei de moaie wurden en beloften te hearren. It probleem is lykwols noch hieltyd hoe de gewoane minsken nei de stimbus te krijen op 4 juny.