Beswieren ôffaloven ôfhannele

Protesten yn it gemeentehûs
Under grutte belangstelling binne moandei de beswieren tsjin de boufergunning fan de ôffaloven yn Harns ôfhannele. Yn it gemeentehûs fan Harns krigen 7 beswiermakkers de kâns om út te lizzen wêrom't se tsjin de fergunning binne fan de Reststoffen Energie Centrale.
De gemeente joech dy fergunning yn april ôf. De beswieren kamen ûnder oare fan de stichting Afval Oven Nee,de Waadferiening en doarpsbelang Winaam.