Melkfeehâlders yn de min

11 maaie 2009 - 19:56

Melkfeehâlders hawwe it dreech. It saldo fan in boer mei sa'n santich kij en in produksje fan sa'n 600.000 kilo molke is yn it earste fearnsjier fan 2009 útkommen op sa'n 30.000 euro. Dat is in tredde part minder as yn itselde skoft yn 2008.

Neffens de LTO binne der noch gjin boeren dy't ophâlde moatte, mar wol dy't grutte muoite hawwe om de rekkens te beteljen. Benammen de oanskaf fan foer, sied en keunstdong wiene de ôfrûne moannen grutte kosteposten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)