Nijbou by fleanbasis mei wer

11 maaie 2009 - 18:33

Yn de doarpen om de fleanbasis Ljouwert hinne mei wer boud wurde. Troch in oanpassing yn de Wet Luchtvaart feroarje de lûdsnoarmen en mei der yn de doarpen Marsum, Jelsum, Koarnjum en Ingelum foar it earst sûnt mear as tritich jier wer boud wurde.

It giet net om nije wenningbouprojekten, mar om bebouwing fan lege plakken en fan ferfangende nijbou. Yn de oanbelangjende gemeenten is mei grutte bliidskip op de feroaring reagearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)