Rederij freget ynvestearrings

11 maaie 2009 - 12:27

De Harnzer rederij JR Shipping freget syn fennoaten om mei-elkoar 8 miljoen euro ekstra te ynvestearjen foar in needfûns. De belizzers moatte dêrfoar yn trochsneed sa'n 3000 euro ekstra ynbringe.

De rederij wol it needfûns brûke om lieningen te jaan oan skippen út de float dy't yn de finansjele problemen komme. De containerskipfeart hat bot te lijen fan de ekonomyske krisis. De fraach is bot ôfnaam wylst der te folle skippen binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)