Wicher Heerma neat yn de gaten

11 maaie 2009 - 12:13

De 64-jierrige Wicher Heerma fan Nes, Dongeradiel, is aardich skrokken fan alle kommoasje om him hinne. Hy wie troch syn famylje as fermist opjûn, mar hie dat sels net yn de gaten.

Heerma wie mei syn freonen Roel en Tietie op fakânsje yn Itaalje doe't der ynbrutsen waard yn syn camper. Syn mobile tillefoan en laptop waarden stellen en doe rekke Heerma ek noch syn reismaten kwyt. Heerma hearde sneon yn in telefoanwinkel yn Dokkum pas dat er fermist waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)