Nadine bêste brêgeklasser

11 maaie 2009 - 10:59

De 12-jierrige Nadine Blaak fan It Hearrenfean mei har it kommende jier de bêste brêgeklasser fan Fryslân neame. Se wûn dit wykein de foarronde fan de Achmea Kennisquiz, dy't sneintejûn troch RTL4 útstjoerd waard.

Blaak giet troch nei de lanlike finale, dy't op 21 juny útsjoerd wurde sil. De winner krijt in stúdzjebeurs fan 250.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)