Rest-alkoholkontrôle Drachten
Op de Folgerenleane yn Drachten hat de plysje moandeitemoarn in saneamde rest-alkoholkontrôle hâlden. Goed 140 bestjoerders fan auto's, bestelbuskes en frachtweinen moasten blaze. In soad minsken wienen wat fernuvere oer de kontrôle.
Yn Drachten is dit jier al twa kear earder in moarns kontrôle hâlden en der folgje mear.