Rjochtút op rotonde

11 maaie 2009 - 07:49

In 30-jierige frou út Ljouwert is sneontenacht mei har auto rjochtút riden op in rotonde yn Blijham yn Grinslân.

De frou hie tefolle alkohol dronken. Har rydbewiis is dêrom ynnaam troch de plysje. De auto rekke sa swier skansearre, dat er fuortsleept wurde moast.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)