Styl aanst op eigen fuotten

10 maaie 2009 - 16:17

It fergese Frysktalige magazine Styl sil fan it kommende nûmer ôf, te ferskinen om 1 juny hinne, op eigen fuotten stean. Styl wurdt ynkoarten ferspraat lâns skoallen en iepenbiere lokaasjes dêr't de doelgroep komt, lykas poppoadia, kulturele sintra, winkels, útgeansgelegenheden, ensfh.

Fierderop yn it jier sil de distribúsje útwreiden wurde. Oant no ta wie it blêd inkeld te krijen as bylage by moanneblêd Friesland Post, ien kear yn de trije moanne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)