Iepenlike geweldpleging Stiens
De plysje hat sneontejûn yn Stiens trije manlju oanholden foar iepenlike geweldpleging. De manlju fan 16 en 18 jier út Stiens en in 18-jierrige man út Woensdrecht fernielden guod dat by de dyk lei foar wurk oan de rotonde op de Middelseedyk.
Omstanners seagen dat de trije materiaal yn it wetter smieten. De manlju krigen in bekeuring fan de plysje.