Hynder en wein te wetter

10 maaie 2009 - 13:39

In hynder en wein binne sneon te wetter rekke yn Koudum. It hynder skrok doe't de bestjoerder, in man (49) út Koudum, in skelpepaad opried. De man sels koe him yn feiligens bringe troch fan de karre te springen.

Ek syn frou en dochter koene noch op 'e tiid fuortkomme. De man sprong it hynder achternei it wetter yn en koe it bist nei de kant ta bringe. In takelauto fan de brânwacht koe it hynder wer op it droege tille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)