Reuny it timpeltsje Wolvegea

10 maaie 2009 - 13:09

Yn Hotel Inn yn Wolvegea waard sneontejûn in reuny holden fan it jongeresintrum it timpeltsje. Heal jierren sechtich woene de jongeren fan Wolvegea graach in eigen plak ha. Dat waard troch de bruorren Bosscha fûn yn in pakhûs oan de Van Harenstrjitte.

De lokaasje krige de namme Genottempel en dat waard yn de folksmûle it timpeltsje. Der waarden in soad popjûnen en drive-inns organisearre. Op de reuny kamen 60 minsken ôf, wêrûnder de muzikant John Eskes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)