Jonge mûnders socht

© Omrop Fryslân
Der moatte rap mear jongeren komme dy't it fak fan mûnder sitten sjogge. De frijwillige mûnders fan no binne faak op leeftiid. En fanwege de stiging fan it wetterpeil is it tige wichtich dat yn de takomst de mûnen draaien bliuwe.
It is dit wykein nasjonale mûnewykein en dat is in útlêzen kâns om jonge minsken te werven. Ferskate mûnen binne dit wykein iepen foar it publyk.