Ferrommele lânskip socht

10 maaie 2009 - 10:58

De Fryske miljeufederaasje is op syk nei it meast ferrommele lânskip yn de provinsje. Fia de webside Verkniptlandschap.nl kin stimd wurde op seis lokaasjes. Dy binne keazen út suggestjes dy't troch it publyk oandroegen binne.

By de seis sitte ûnder oare de Ljouwerter nijbouwyk Bullepolder, in groep wynmoles by de Ofslútdyk en in rekreaasjepark by Kollumerpomp. Ek miljeufederaasjes yn oare provinsjes hâlde in ferkiezing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)