Steatssekretaris yn Warns

10 maaie 2009 - 08:29

Steatssekretaris Timmermans fan Europeeske Saken hat sneontejûn in besite brocht oan Warns. Hy die dat by syn toer fan 27 oeren troch Nederlân. Dy hold er om dúdlik te meitsjen wat Europa foar Nederlân betsjut.

Yn Warns fersoarge Timmermans ûnder oare in sprekbeurt oer de Europeeske identiteit. De toer einige sneontenacht yn Grins, freedtejûn wie er begûn yn Amsterdam. Yn de tuskentiid die Timmermans tolve lokaasjes oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)