ONS: rêst en fertrouwen

09 maaie 2009 - 19:38

Fuotbalferiening ONS fan Snits is sneon út de haadklasse degradearre. Dat barde nei it 2-1 ferlies tsjin PKC '83. Nei de wedstriid kaam it bestjoer en technyske kommisje mei in ferklearring.

Foar it nije seizoen yn de earste klasse hat ONS al tsien nije spilers oanlutsen. Dy spilers ha allegearre mûnling tasein by de Snitsers te kommen, ek al soe de klup yn de earste klasse útkomme. Fierder hat ONS in bêste akkomodaasje en is finansjeel sûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)