Partoer Rinia wint yn Jorwert

De earste útnoegingskeatspartij fan it seizoen yn Jorwert is wûn troch it partoer Wilco Rinia, Folkert van der Wei en Alle Jan Anema. Sy wûnen de finale op 5-5 en 6-2 fan Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma.
Alle Jan Anema waard bylotte foar Daniël Iseger dy't in blessuere hie. Folkert van der Wei waard kening yn Jorwert.