Sykaksje nei fermiste Dútser

Makkum (argyfoto)
Yn Makkum wurdt in 66-jierrige Dútser fermist. De man lei mei in freon mei in boat yn 'e haven. De twa hiene freedtejûn yn Makkum op stap west. De bewuste man is nei ôfrin allinnich nei de boat werom gien, mar dêr nea oankaam. Mooglik is er yn it wetter fallen.
De plysje treft tariedings om in sykaksje op tou te setten. Dêrfoar is in team fan 'e Korps Lanlike Plysje Tsjinsten dat drêgje moat ynskeakele. As dat team der is kin der socht wurde.