ONS Snits degradearret

© Omrop Fryslân
ONS Snits is degradearre út 'e sneonshaadklasse. De Snitsers, kampioen yn it seizoen 2003-2004, ferlearen op it eigen fjild mei 2-1 fan it Grinser PKC '83. Marco Heerschop sette ONS foar it skoft op in 1-0 foarsprong. De lykmakker foel ek yn de earste helte út in omstriden penalty. Fier yn de ekstra tiid, yn de 94ste minút, makken de Grinzers de winnende treffer.
Kampioen Harkemase Boys ferlear yn en fan Genemuiden mei 3-0.