Fleantocht foar sike bern

09 maaie 2009 - 16:34

Slim sike bern mochten sneon boppe Drachten de loft yn mei de CliniPilots. Under begelieding fan in piloat mochten se sels de stjoerknuppel fêsthâlde as ko-piloat. De broers en suskes fan de sike bern koene mei.

De dei is in inisjatyf fan de stifting CliniPilots, it Beatrix Bernesikehûs en de fleanklub Fryslân. Mei de fleantocht gie foar in soad bern in winsk yn ferfolling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)