Harry Sinkgraven nei Emmen

09 maaie 2009 - 16:17

Coach Harry Sinkgraven fan it frouljusfuotbalteam fan SC Hearrenfean wurdt trainer-coach fan FC Emmen. De beneaming giet takom seizoen yn. Sinkgraven waard yn 2007 coach fan it frouljusteam fan Hearrenfean.

Sels spile er mear as 350 westriden yn it betelle fuotbal ûnder oare by Grins, SC Cambuur en FC Swolle. Sinkgraven folget by Emmen Paul Krabbe op.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)