Fermiste Heerma wer thús

09 maaie 2009 - 16:10

De fermiste Wicher Heerma (63) út Nes Dongeradiel is werom. Hy is sneon yn in winkel yn Dokkum sjoen. De winkeleigner herkende him en spruts him oan. Heerma sei neat yn 'e gaten hân te hawwen fan de syktocht dy't nei him hâlden is. Neffens eigen sizzen hat er in pear dagen yn Tunesië west.

Heerma waard sûnt 26 april fermist, doe't er mei syn kemper ûnderweis wie yn Italië. Freonen dy't foar him rieden, rekken him kwyt en skeakelen de plysje yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)