Mei caravan oer de kop slein

09 maaie 2009 - 13:44

By Tsjerkgaast is freedtejûn in auto mei caravan oer de kop slein. De 62-jierrige bestjoerder rekke dêrby ferwûne oan de holle. Doe't de plysjes op it plak fan it ûngelok oankamen, rûkten se dat de man drank op hie. Yn it sikehús is in bloedproef dien en dêrút waard dúdlik dat der yndie drank yn it spul wie.

De bestjoerder moast syn rydbewiis ynleverje en krige in rydferbod. De auto en de caravan hiene grutte skea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)