Ekstra befeiliging stoomwykein

By it stoomtreinwykein yn Snits binne ekstra feiligensmaatregels naam nei oanlieding fan it Keninginnedeidrama yn Apeldoarn. Der binne fyftich ekstra frijwilligers ynset en ekstra plysje, yn unifoarm likegoed as yn boarger.
It is de fyfde kear dat it stoomwykein hâlden wurdt. Der ride stoomtreinen tusken Snits en Starum. Alle kaarten binne al útferkocht en der stean ek in soad minsken by de rûte del te sjen. De Stichting Stoomtrein Fryslân organisearret it evenemint.