GrienLinks tsjin opslach CO2

09 maaie 2009 - 08:28

De trije noardlike steatefraksjes fan GrienLinks binne tsjin de opslach fan CO2 yn âlde ierdgasfjilden. Se organisearje op 15 maaie in iepenbier debat yn it provinsjehûs fan Grinslân omdat it Noarden fan Nederlân ekonomyske kânsen sjocht yn de opslach.

Foar GrienLinks is der noch in soad net dúdlik. Sa binne de gefaren fan it transportearjen fan de CO2 ûnder hege druk troch de pipen noch net goed yn byld brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)