SC Cambuur wint fan Top Oss

Sportklup_Cambuur hat de lêste reguliere kompetysjewedstriid yn en tsjin Top Oss mei 2-0 wûn. Beide goals waarden makke troch Jeffrey de Visscher. Ek Top Oss krige in pear bêste kânsen mar de latte en de peal sieten harren yn it paad.
Beide ploegen wiene op foarhân al wis fan de play-offs. Der waard dan ek net al te folle risiko naam. De tsjinstanner fan Cambuur yn de play-offs is FC Zwolle. De earste wedstriid is op 19 maaie.