Stipe foar carpoolen

De trije noardlike provinsjes hawwe in webside presintearre dy't derfoar soargje moat dat mear minsken meiïnoar ride nei it wurk. Op de side www.carpooldate.nl kinne sawol wurknimmers as bedriuwen har ynskriuwe om sa'n carpoolôfspraak te meitsjen.
De provinsje fynt it belangryk dat minsken mear byinoar yn de auto stappe. It besparret jild, it is better foar it miljeu en is ek noch gesellich. Dêrneist wurde minsken oantrune om faker op de fyts te gean.