Lieuwe Westra 6e yn tiidrit

Lieuwe Westra
Lieuwe Westra is freed sechsde wurden yn de fjirde etappe, in tiidrit oer 18,7 kilometer, yn de Fjouwerdaagse fan Duinkerken. De oerwinning wie foar de Belch Sébastian Rosseler, dy't ek de lieding yn it algemien klassemint oernaam.
Rosseler wûn de tiidrit yn 23 minuten en 21 sekonden. De Portugees Rui Costa waard twadde op 18 tellen. Dêrnei wiene de ferskillen lyts. Lieuwe Westra fan Mûnein wie 29 sekonden stadiger as Rosseler.